Berne Eagen

Dina Popma

Ik sjoch troch myn berne-eagen
Alles waarm fan kleur, de sinne heech
It rûkt nei krekt meand gers
Do bist yn'e loft en ik sit boppe op it hea
Do hast myn takomst al foarsein
Do wist wêr ik gean sil
Do kenst my better as ik mysels troch myn berne-eagen
En no flean ik mei dy, tichter by dy, ik bin dy
Wy strikke del op it lân dêr't ik myn leafde fûn
Dêr't alles oars is
Dêr't ik my ferbun oan wat minsken soms ferjitte
It ritme fan'e ierde,
De dûns fan soargen en blidens
De frijheid fan dy en my
Ûs krêft is te fleanen
Om dit ferhaal te fertellen
Wy slaan ús wjukken ut en stige
En komme del
Fine ús thús wêr wy ek binne
Do bist yn my

Wissenswertes über das Lied Berne Eagen von Dina

Wer hat das Lied “Berne Eagen” von Dina komponiert?
Das Lied “Berne Eagen” von Dina wurde von Dina Popma komponiert.

Beliebteste Lieder von Dina

Andere Künstler von Middle of the Road (MOR)